Nes (It Amelân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nes is in doarp op It Amelân, middenop it eilân. It doarp hat likernôch 1.235 ynwenners (2021).
Fluch de feiten
Nes | ||
Loftfoto fan Nes | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Amelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.235 (2021)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 27' NB, 5° 46' EL | |
Kaart | ||
Slute
Eartiids wie Nes it haadplak fan It Amelân. Tsjintwurdich stiet it gemeentehûs yn Ballum. Yn Nes leit de fearboat nei Holwert. Dizze feartsjinst wurdt ûnderholden troch rederij Wagenborg. Yn it doarp steane prachtige kommandeurshuzen út de "Gouden Iuw". De huzen steane om de frijsteande toer, in eardere fjoertoer.
Nôtmole De Feniks is fan 1880.
Fierders is der in Natuersintrum oer de natuer fan It Amelân. Hjirwei wurde ek ekskurzjes organisearre.