Noardamerikaanske Kordillera
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Noardamerikaanske Kordillera (Ingelsk: North American Cordillera) is in keatling fan in grut tal berchtmen, yntramontane bekkens en plato's yn it westen fan Noard-Amearika, dy't yn inoars ferlingde lizze of lykstrekich mei-inoar oprinne fan noardlik Alaska oant súdlik Meksiko. De Noardamerikaanske Kordillera is it noardlike diel fan 'e gruttere Amerikaanske Kordillera, dy't yn it suden trochrint oant yn Antarktika. It bekenste ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske Kordillera wurdt foarme troch de Rocky Mountains. It heechste punt is de berch de Denali yn súdlik Alaska.
Fluch de feiten
Noardamerikaanske Kordillera | ||
berchtme | ||
De Morainemar en de Delling fan de Tsien Toppen by Banff yn Alberta. | ||
geografy | ||
diel fan | Amerikaanske Kordillera | |
regio | westlik Noard-Amearika | |
lân | Feriene Steaten Kanada Meksiko | |
sifers | ||
lingte | 6.400 km | |
heechste punt | Denali | |
hichte | 6.168 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
âldens | 80–23 miljoen jier lyn | |
stiensoarte | ferskaat | |
kaart | ||
De lokaasje fan 'e Noardamerikaanske Kordillera (read omrâne) yn Noard-Amearika. |
Slute