Nominoë
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nominoë (Bretonsk: Nevenoe; Frânsk: Nominoë; ek stavere as Nomenoë; Poher?, begjin 9e iuw – Vendôme, 7 maart 851) wie in etnysk Bretonsk ealman dy't tsjin 'e midden fan 'e njoggende iuw Bretanje wist te ferienjen tsjin 'e Franken. Hoewol't er sels nea in hearskerstitel droech dy't hiel Bretanje besloech, wurdt er tsjintwurdich yn 'e regel oantsjut as de earste net-legindaryske hartoch fan Bretanje. Nominoë wie de grûnlizzer fan it Keninkryk Bretanje, dêr't syn soan Erispoë de earste kening fan wie. Sadwaande wurdt er troch de Bretonnen noch altyd beskôge as harren tad ar vro ("heit fan it heitelân").
Fluch de feiten
Nominoë | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
In nasjonalistyske print fan Nominoë troch Jeanne Malivel, út 1922. (It wite flak op 'e eftergrûn is de lânkaart fan Bretanje.) | ||
echte namme | Nevenoe | |
nasjonaliteit | Bretonsk | |
bertedatum | begjin 9e iuw | |
berteplak | Poher? (Bretanje) | |
stjerdatum | 7 maart 851 | |
stjerplak | Vendôme (Frankryk) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
hartoch fan Bretanje | ||
regear | 846 – 851 | |
foargonger | Wihomarc (legindarysk) | |
opfolger | Erispoë (as kening) |
Slute