Padmé Amidala
From Wikipedia, the free encyclopedia
Padmé Amidala (berne as: Padmé Naberrie) is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) as de teenage-keninginne fan 'e planeet Naboo. Nei't har termyn as monarch foarby is, wurdt se senator foar Naboo yn 'e senaat fan 'e Galaktyske Republyk, wêrby't se útsprutsen pasifistyske stânpunten ynnimt. Padmé trout yn it djipste geheim mei de Jedi-ridder Anakin Skywalker en skinkt it libben oan 'e twilling Luke Skywalker en Leia Organa foar't hja yn it kreambêd stjert. De eangst om har te ferliezen is yn it ferhaal foar Anakin de wichtichste driuwfear foar syn ferfal ta de tsjustere kant fan de Krêft en syn ferwurden ta Darth Vader. Padmé waard yn alle trije films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy spile troch aktrise Natalie Portman. Hoewol't har rol mingde reäksjes krige, foarme er foar Portman har ynternasjonale trochbraak.
Padmé Amidala personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Amidala, Padmé Naberrie | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske (Nabooaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | keninginne, politika, diplomate | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Anakin Skywalker Obi-Wan Kenobi Jar Jar Binks Sheev Palpatine Bail Organa Qui-Gon Jinn Luke Skywalker Leia Organa Sabé Saché Adova Rabé Tonsort Eirtaé Ballory Quarsh Panaka Sio Bibble | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |