Pauline Small
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pauline Small (berne as: Pauline White Man Runs Him; Lodge Grass (Montana), 30 novimber 1924 – yn Montana, 9 maart 2005) wie in Amerikaansk politika en bestjoerster fan etnysk Kriesk komôf. Hja krige in beskate bekendheid doe't hja yn 1966 de earste frou wie dy't keazen waard yn it bestjoer fan 'e federaal erkende Krieë Stamme. Letter ferfolle Small noch ferskate oare funksjes foar har stamme, wêrfan't de measten te krijen hiene mei ûnderwiis.
Fluch de feiten
Pauline Small | ||
politikus | ||
Pauline Small oan it haad fan 'e optocht dêr't de Krieë-Merke mei iepene wurdt. | ||
echte namme | Pauline White Man Runs Him Small | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 30 novimber 1924 | |
berteplak | Lodge Grass (Montana) | |
stjerdatum | 9 maart 2005 | |
stjerplak | ? (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
fise-siktaris fan 'e Krieë Stammeried | ||
regear | 1966 – 1972 |
Slute