Piet de Jong (politikus)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Petrus Jozef Sietse (Piet) de Jong (Apeldoarn, 3 april 1915 – De Haach, 27 july 2016) wie in Nederlânsk politikus en militêr. Fan 5 april 1967 tot 6 july 1971 wie er minister-presidint fan Nederlân. Earder wie er ek steatssekretaris dan Definsje (27 juny 1959 - 24 july 1963) en minister fan Definsje (24 july 1963 - 5 april 1967) út namme fan de Katolike Folkspartij (KVP). Foar't er de polityk yn gie focht er as ûnderseeboatkommandant yn de Twadde Wrâldoarloch.