Police Academy 6: City under Siege
From Wikipedia, the free encyclopedia
Police Academy 6: City under Siege is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Peter Bonerz, mei yn 'e haadrollen Matt McCoy en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle 6: Stêd ûnder Belis". De film is it sechsde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 5: Assignment Miami Beach, út 1988. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes ferbûn oan in pleatslike plysjeskoalle as se in rige oerfallen oplosse moatte dy't pland binne troch in krimineel masterbrein. Police Academy 6: City under Siege krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses. It folgjende (en lêste) diel út deselde searje, Police Academy: Mission to Moscow, kaam út yn 1994.
Police Academy 6: City under Siege | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Bonerz | |
produsint | Paul Maslansky Donald West | |
senario | Stephen Curwick | |
kamerarezjy | Charles Rosher jr. | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Matt McCoy G.W. Bailey | |
byrollen | Leslie Easterbrook Bubba Smith Michael Winslow David Graf George Gaynes Marion Ramsey Lance Kinsey George R. Robertson Kenneth Mars | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 maart 1989 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 84 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $15 miljoen | |
opbringst | $33,2 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● foarich diel | Police Academy 5: Assignment Miami Beach | |
● folgjend diel | Police Academy 7: Mission to Moscow |