preHistorisch Dorp
From Wikipedia, the free encyclopedia
It preHistorisch Dorp is in Nederlânsk iepenloftmuseum yn 'e Genneper Parken oan 'e Boutenslaan yn 'e stêd Eindhoven. It makket ûnderdiel út fan it gruttere ferbân fan it Eindhoven Museum. It preHistorisch Dorp is wijd oan 'e Nederlânske skiednis en beljochtet seis histoaryske tiidrekken, fan 'e prehistoarje oant de Tachtichjierrige Oarloch. It museum waard yn 1982 iepene, en yn it gemiddelde jier 2005 waarden der likernôch 60.000 besikers ferwolkomme. Dêrûnder binne fral in soad skoalgroepen, dy't, as dat nedich is, yn 'e museumpleatsen oernachtsje kinne. Yn 'e wykeinen en de fakânsjes komme der ek in protte deirekreänten yn it iepenloftmuseum.
Fluch de feiten
preHistorisch Dorp | ||
Besikers yn it preHistorisch Dorp | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Historisch OpenluchtMuseum Eindhoven | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | iepenloftmuseum | |
wurkmêd | skiednis | |
fêstige yn | Eindhoven (Noard-Brabân) | |
oprjochte | 1982 | |
offisjele webside | ||
www.prehistorischdorp.nl |
Slute