Prins Edwardeilân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Prins Edwardeilân (Ingelsk: Prince Edward Island; Frânsk: Île-du-Prince-Édouard), gauris (ûnoffisjeel) ôfkoarte ta PEI of P.E.I. (de offisjele ôfkoarting is PE), is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it uterste súdeasten fan it lân, dêr't it mei Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân gauris beflapt wurdt ûnder de namme fan de Kustprovinsjes (the Maritimes). Teffens heart it ta Atlantysk Kanada. Wat oerflak oanbelanget is Prins Edwardeilân de lytste provinsje fan Kanada, mei mar 0,1% fan it nasjonaal grûngebiet. De haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e provinsje is Charlottetown. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Prins Edwardeilân doe goed 140.000 ynwenners, wat delkomt op 0,4% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Prins Edwardeilân Prince Edward Island | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Parva sub ingenti ("De lytsen beskerme troch de grutten") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | PE |
lân | Kanada |
status (jier) | provinsje (1873) |
haadstêd | Charlottetown |
grutste stêd | Charlottetown |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 140.204 (2011) |
befolkingstichtens | 24,8 / km² |
oerflak | 5.660 km² (ynkl. wetter) 5.660 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -4 |
webside | www.gov.pe.ca |
Slute