Kebek (provinsje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kebek (Frânsk: Québec, útspr.: [ke'bɛk]; Ingelsk: Quebec, útspr.: [kwǝ'bɛk] of [kǝ'bɛk]) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada, en de iennichste dêr't it Frânsk de dominante taal is. It leit yn it súdeastlike part fan it lân, en is wat oerflak oanbelanget de grutste provinsje, mei 15,4% fan it Kanadeeske grûngebiet (al moat it as de trije territoaria meirekkene wurde, Nûnavût foargean litte as it grutste gewest). Kebek is nei Ontario it befolkingsrykste diel fan Kanada. Sawol de grutste stêd fan 'e provinsje, Montreal, as de haadstêd, Kebek-Stêd, hearre ta de grutste stêden fan it lân. De provinsje heart ta de regio's Sintraal Kanada en Eastlik Kanada. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de provinsje Kebek doe rom 7,9 miljoen ynwenners, wat delkomt op 23,6% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Kebek Québec | |
---|---|
flagge | wapen |
Frânsk: Je me souviens ("It is my net fergetten") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | QC |
lân | Kanada |
status (jier) | provinsje (1867) |
haadstêd | Kebek |
grutste stêd | Montreal |
offisjele taal | Frânsk |
sifers | |
ynwennertal | 7.903.001 (2011) |
befolkingstichtens | 5,8 / km² |
oerflak | 1.542.056 km² (ynkl. wetter) 1.365.128 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -5 & -4 |
webside | www.gouv.qc.ca |