Rôffûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De rôffûgels (Accipitriformes), ek wol haukeftigen neamd, foarmje in skift fan de fûgels dat bestiet út fleisiters. Ta dit skift hearre lykwols net alle fûgels dy't ornaris as rôffûgel (d.w.s. in fûgel dy't predator is) beskôge wurde: de ûle-eftigen (Strigiformes) en giereftigen fan de Nije Wrâld (Cathartiformes) binne susterkloften fan 'e rôffûgels, wylst de falkeftigen (Falconiformes) in folslein oare groep foarmje.
- Dizze side giet oer it taksonomyske skift fan 'e rôffûgels, de Accipitriformes. Foar "rôffûgel" yn 'e sin fan in fûgel dy't in rôfdier is, sjoch: predaasje.
De rôffûgels hawwe allegear sterke poaten mei skerpe kloeren. Fierder hawwe se in skerp sicht, wat se fansels ek nedich hawwe by de jacht. Hast alle rôffûgels jeie fanút de loft, in inkele soart jeit op de grûn (lykas de siktarisfûgel). Ek binne der soarten dy't net libbene proai fange mar harren spesjalisearre hawwe yn it iten fan ies.