Richard II (toanielstik)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Richard II, nei it Ingelske stik mei deselde namme (folút eins: The Tragedy of King Richard the Second, of ek wol: The Life and Death of King Richard the Second), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Richard II foarmet it earste part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. Sa't de titel al oanjout, is dit stik basearre op it libben fan 'e ôfsette kening Richard II, dy't regearre fan 1377 oant 1399, al behannelet it inkeld de lêste twa jier fan Richard syn libben, fan 1398 oan 1400, en stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. Richard II moat omtrint 1595 skreaun wêze, en it waard foar it earst útjûn yn 1597. Fan it begjin ôf oan wie it in tige populêr toanielstik. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.
Richard II | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Richard II | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1595 | |
1e publikaasje | 1597, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Richard II | |
publikaasje | 1965, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |