Robert Nivelle
From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert Nivelle (Tulle, 15 oktober 1856 – Parys, 22 maart 1924) wie in Frânske generaal.
Robert Nivelle waard berne yn Tulle yn Frankryk. Hy folge in oplieding oan de École Polytechnique en slagge yn 1878. Dêrnei tsjinne hy as artillery offisier yn YndoSina, Algerije en Sina. Yn oktober 1914 waard hy krekt as Pétain befoardere ta brigadegeneraal.
Begjin 1916 wie hy ien fan de ûnderkommandanten fan Pétain en holp hy om de Dútske oanfal by Ferdun te kearen. Yn maaie 1916 folge hy Petain sels op as kommandant fan it twadde leger by Ferdun. Hy fierde de spesjale artillery technyk yn fan in krûpend fjoerskerm wêrby de ynfantery efteroankaam. Yn oktober 1916 waard dizze technyk brûkt by de oermastering fan fort Douamont. Yn desimber fan 1916 waard hy befoardere as opfolger fan generaal Joseph Joffre. Yn dy funksje sei hy dat de techniken dy’t hy brûkt hie by Ferdun de oarloch beëinigje soe. Hy woe dêrom tastimming hawwe foar in grutte frontale oanfal mei in goeie koördinaasje fan in soad artillery bombardeminten en de technyk fan it trochrinnende fjoer. De Frânske premier Aristide Briant en syn Britske kollega David LIoyd George leauden Nivelle’s ferhalen graach. Op dizze manier krige Nivelle it kommando foar syn oanfal fan de Britske legers en fan de Frânske legers.