RoboCop 3
From Wikipedia, the free encyclopedia
RoboCop 3 is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-aksjefilm, superheldefilm en -plysjefilm út 1993 ûnder rezjy fan Fred Dekker, mei yn 'e haadrollen Robert Burke, Remy Ryan en Jill Hennessy. It wie de trêde film út 'e RoboCop-rige en as sadanich in ferfolch op RoboCop (1987) en RoboCop 2 (1990). It ferhaal folget de cyborg-plysjeman RoboCop yn in somber takomstich Detroit, dêr't it bedriuwekonglomeraat OCP in tirannyk plan útfiert om 'e bewenners fan in hiele wyk te deportearjen om sa romte te meitsjen foar nije wolkekliuwers. As RoboCop syn partner Lewis troch de trewanten fan OCP fermoarde wurdt, jout er him by it ferset. RoboCop 3 krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar yn 'e bioskopen wie it in beskieden kommersjeel súkses, hoewol't fierwei it meastepart fan 'e opbringst fan bûten de Feriene Steaten kaam. Sadwaande wurdt de film dêre ornaris as in flop beskôge. Pas yn 2014 soe der wer in film yn 'e RoboCop-searje makke wurde: RoboCop, dat in reboot fan 'e mediafranchise en in remake fan 'e oarspronklike film wie.
RoboCop 3 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Fred Dekker | |
produsint | Patrick Crowley | |
senario | Frank Miller Fred Dekker | |
kamerarezjy | Gary B. Kibbe | |
muzyk | Basil Poledouris | |
filmstudio | Orion Pictures | |
distribúsje | Orion Pictures (Noard-Amearika) Columbia TriStar Film Distributors International (ynt.) (letter Metro-Goldwyn-Mayer) | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Burke Remy Ryan Jill Hennessy | |
byrollen | C.C.H. Pounder John Castle Nancy Allen Rip Torn Stephen Root | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 april 1993 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk en Japansk | |
spyltiid | 104 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $22 miljoen | |
opbringst | $46,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | RoboCop | |
● foarich diel | RoboCop 2 | |
● folgjend diel | RoboCop |