Söl
From Wikipedia, the free encyclopedia
Söl (Deensk: Sild, Dútsk: Sylt) is it grutste Noard-Fryske waadeilân. It leit yn 'e bestjoerlike krite Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, de haadstêd is Westerlân. It leit fan noard nei súd foar de kust fan Sleeswyk-Holstein. It is yn Dútslân foaral bekend fanwege de toeristysk wichtige kueroarden fan Westerlân, Kampen en Wenningstedt en ek om it hast 40 km lange Weststrân.