Salomon fan Bretanje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Salomon (Bretonsk: Salaün; Poher?, 8?? – Nantes?, 874) wie kening oer it Keninkryk Bretanje fan 857 oant syn dea yn 874. Hy bemachtige de troan troch de rjochtmjittige kening te fermoardzjen, en kaam dêrnei ferskate kearen yn opstân tsjin Karel de Keale, dy't syn wettige lienhear wie. Hy waard úteinlik sels ek fermoarde by in gearspanning troch ferskate foaroansteande eallju. Nei syn dea ferfoel Bretanje ta boargeroarloch en ûntstie der in ynterregnum. Salomon ûntjoech him neitiid ta in folkshillige dy't as kristlik martelder beskôge waard.
Fluch de feiten
Salomon fan Bretanje | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
echte namme | Salaün | |
nasjonaliteit | Bretonsk | |
bertedatum | 8?? | |
berteplak | Poher? (Bretanje) | |
stjerdatum | 874 | |
stjerplak | Nantes? (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
kening fan Bretanje | ||
regear | 857 – 874 | |
foargonger | Erispoë | |
opfolger | Alan I (nei ynterregnum) | |
greve fan Rennes en Nantes | ||
regear | 852 – 874 | |
greve fan Avranches en Coutances | ||
regear | 867 – 874 |
Slute