Man (eilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Man is in eilân yn ’e Ierske See, yn it geografyske mulpunt fan ’e Britske Eilannen, op likernôch gelikense ôfstân fan noardlik Ingelân, yn it easten, Noard-Ierlân, yn it westen, en Skotlân, yn it noarden, ôf. Wales, yn it suden, en Ierlân, yn it súdwesten, lizze der wat fierder fanôf. Man is in selsbestjoerend gebiet dat ôfhinklik is fan ’e Britske Kroan, mar gjin diel útmakket fan it Feriene Keninkryk. Ek sit Man net by de Jeropeeske Uny.
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk en Manksk | ||||
Haadstêd | Douglas (Doolish) | ||||
Steatsfoarm | selsbestjoerend gebiet ôfhinklik fan 'e Britske Kroan | ||||
Gebiet % wetter |
572 km² 0% | ||||
Ynwenners (2005) | 75.049 | ||||
Munt | Mankske pûn (IOMP) | ||||
Nasjonale feestdei | 5 july | ||||
Lânkoade | GBM | ||||
Ynternet | .im | ||||
Tillefoan | 44 (algemien Britsk) |