Skorpioen II
From Wikipedia, the free encyclopedia
Skorpioen II (Egyptysk mooglik Selk of Weha; fl. 3050 f.Kr.) wie in kening of farao dy't yn it Proto-Dynastyk Tiidrek hearske oer Tinis of mooglik oer hiel Opper-Egypte. Oer syn eigentlike namme hawwe egyptologen it omreden fan 'e beheinings fan it hieroglifeskrift oant no ta net iens wurde kind. Hy wurdt ek wol oantsjut as Kening Skorpioen en is de twadde kening dy't sa neamd wurdt. De reden dêrfoar is dat in skorpioen ûnderdiel útmakket fan 'e hieroglifen dy't syn namme foarmje.
Fluch de feiten
Skorpioen II | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Farao Skorpioen II op 'e Gnodzeknop fan Skorpioen yn it Ashmolean Museum yn Oxford. | ||
echte namme | Selk? Weha? | |
nasjonaliteit | Tinitysk | |
bertedatum | 31e iuw f.Kr. | |
stjerdatum | 31e iuw f.Kr. | |
etnisiteit | Egyptysk | |
kening fan Tinis | ||
regear | omtrint 3050 f.Kr. | |
foargonger | Ka? | |
opfolger | Narmer? |
Slute