Soestduinen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Soestduinen is in plak yn de gemeente Soest yn de provinsje Utert. Soestduinen leit tusken de twa dielen fan sânferstowing de Soester Dunen: de "Lange Dunen" en de "Koarte Dunen".
De bebouwing fan Soestduinen bestiet foaral út filla's. It stasjon fan Soestduinen - oan it spoar tusken Utert en Amersfoort - is yn 1998 sluten. Lâns it spoar lei in lyts yndustryterrein fan de firma Kodak en it Jessurunkamp, in militêr depot. Beide terreinen binne yn de jierren 2008-2009 oan de natoer werom jûn.
Soestduinen stiet op in 34e plak yn de list fan rykste wiken fan Nederlân.