Stéphane Mallarmé
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stéphane Mallarmé (18 maart 1842, Parys – 9 septimber 1898, Valvins (gemeente Vulaines-sur-Seine, Seine-et-Marne), wiere namme, Étienne Mallarmé, wie in Frânsk dichter en literatuerkritikus.
Hy is bekend as in streekrjochte forrinner fan de symboalistyske beweging, dy't yn de jierren 1880-90 yn Frankryk ûntstie. Fan de jierren '60 ôf ûntwikkele er in hermetyske styl dy't skaaimerke wurdt troch intellektualisme en fan de abstraksje fan it Dútske idealisme.
Neffens Mallarmé moat dichtkeunst suggerearje en ûnbewitten op de lêzer ynwurkje. De dichter kin de werklikheid omfoarmje troch it minsklik intellekt konsekwint te brûken en troch gebrûk te meitsjen fan alle muzikale en magyske krêften fan de taal.
Yn syn literêr-estetyske essays ûnderskiedet Mallarmé it deistige, kommunikative taalgebrûk (la parole immédiate) fan it poëtyske brûken fan taal (la parole essentielle). Dat lêste wurket op de lêzer yn middels klanken, agrammatikale assosjaasjes en (magyske) symboalen, sadat de ynderlike werklikheid it bêst benei kaam wurde soe.