Stasjon Flissingen Souburg
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Flissingen Souburg (Vss) is in spoarweistasjon yn it doarp Oost-Souburg yn de gemeente Flissingen provinsje Seelân en waard iepene yn 1986 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissingen). It stasjon betsjinnet njonken de kearn Oost-Souburg ek de noardlike bûtenwiken fan Flissingen. It stasjon leit lâns it Kanaal troch Walcheren, en njonken de draaibrêge dy't Oost-Souburg ferbynt mei West-Souburg en de Flissingske wyk Westerzicht.
Stasjon Flissingen Souburg station Vlissingen Souburg | ||
Stasjon Flissingen Souburg yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Seelân | |
Gemeente | Flissingen | |
plak | Oost-Souburg | |
adres | Draaibrugpad 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Vss | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 juny 1986 | |
boujier | 1986 | |
sloopjier | 2007 | |
arsjitekt | J. Bak | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline F | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It oarspronklike stasjonsgebou wie in typyske foarstêdhalte mei wachtromte en loket, ûntwurpen troch de arsjitekt Hans Bak. It gebou waard yn 2007 ôfbrútsen, mar der kaam net in nij stasjonsgebou foar werom, alline in tal abry's. Der binne twa perrons, dy't net foarinoar oer lizze, mar har oan wjerskanten fan de spoarweioergong befine, de saneamde bajonlizzing. It stasjonsgebou stie op it eastlike perron.