Stasjon Houten Castellum
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Houten Castellum (Htnc) is in spoarweistasjon yn doarp Houten en waard iepene yn 2001. De namme komt fan de lizzing yn Castellum (neamd nei in Romeinsk fort), in wenwyk mei winkelsintrum fan de Vinex-locatie Houten-Zuid. It definitive stasjon Houten Castellum hat, lykas stasjon Houten, in eilânperron tusken de middelste twa spoaren, ûntsletten troch in tunnel ûnder it spoar. Dizze tunnel foarmet in belangrike fytsferbining tusken de westlike en eastlike helte fan Houten-Súd en is ek tagongswei foar de parkeargaraazje ûnder winkelsintrum Castellum út it easten wei. Kwa situearring en funksjonele opset hat it gebiet dêrmei (op 'e tagongsdyk nei de ûndergrûnske parkeargaraazje nei) oerienkomsten mei it gebiet by it haadstasjon fan Houten, sij it yn in mear beskieden foarm.
Stasjon Houten Castellum station Houten Castellum | ||
Stasjon Houten Castellum yn 2013 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Houten | |
plak | Houten | |
adres | Forum 154 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Htnc | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 8 jannewaris 2001 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline H | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||