Strjitte fan Torres
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Strjitte fan Torres is in seestrjitte tusken it Kaap York-skiereilân yn de Australyske dielsteat Queensland en Papoea Nij-Guinea. De strjitte is sa'n 150 km breed en ferbynt de Koraalsee yn it easten mei de Arafurasee yn it westen.
Strjitte fan Torres | |
Lokaasje | tusken Papoea Nij-Guinea en Austraalje |
See | tusken Koraalsee en Arafurasee |
Koördinaten | {{{koordinaten}}} |
Oerflakte | |
Djipte (maks.) | m |
Trochsneeddjipte | {{{trochsneeddjipte}}} m |
Trochsneeddjipte | m |
Breedte | 150 km |
Maks. breedte | {{{breedtemaks}}} |
Maks. breedte | |
Lingte | |
Oer | |
{{{oer}}} |
De Strjitte fan Torres waard yn 1606 ûntdutsen troch de Spanjert Luis Vaéz de Torres, dy't de súdkust fan Nij-Guinea fan east nei west folge. De earstfolgjende Europeaan dy't de Strjitte wer befarde wie James Cook yn 1770. Ferskate Nederlânske ûntdekkingsreizgers, sa as Abel Tasman, wienen net by steat om út te finen oft it in seestjritte wie of dat Nij-Guinea en Austraalje oan elkoar fêstsieten.