Studio Babelsberg
From Wikipedia, the free encyclopedia
Studio Babelsberg, ek wol bekend as Filmstudio Babelsberg, is in studiokompleks anneks filmstudio yn it Dútske Potsdam, ûnder de reek fan Berlyn. It bedriuw waard yn 1912 oprjochte en is ien fan 'e âldste bedriuwen fan syn soarte yn 'e wrâld. Mei in oerflak fan 46 ha is it ek it grutste studiokompleks fan Jeropa. Studio Babelsberg makket sawol eigen produksjes en ko-produksjes mei oare filmstudio's, as dat it studioromte ferhierd oan oare filmprodusinten. Yn it studiokompleks binne troch de jierren hinne hûnderten films makke en sûnt de 1990-er jierren ek tillefyzjesearjes. Sûnt jannewaris 2022 is it kompleks as ûnderdiel fan Cinespace Film Studios eigendom fan TPG Real Estate Partners (TREP) en Filmbetriebe Berlin Brandenburg GmbH (FBB).
Fluch de feiten
Studio Babelsberg | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Potsdam (Brandenburch) | |
oprjochte | 1912 | |
oprjochter | Jules Greenbaum | |
eigner | TPG Real Estate Partners Filmbetriebe Berlin Brandenburg | |
mem | Cinespace Film Studios | |
sifers | ||
wurknimmers | 92 (2017) | |
offisjele webside | ||
www.studiobabelsberg.com | ||
kaart | ||
Lokaasje fuort bûten Berlyn.
|
Slute