Suden (Feriene Steaten)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Suden, it Amerikaanske Suden, de Súdlike Feriene Steaten, Dixieland of Dixie is in ynformele geografyske regio fan 'e Feriene Steaten. Under dizze oantsjutting wurde neffens de (moderne) definysje fan it Amerikaanske Folkstellingsburo de steaten Delaware, Marylân, Firginia, West-Firginia, Kentucky, Tennessee, Noard-Karolina, Súd-Karolina, Georgia, Floarida, Alabama, Mississippy, Louisiana, Arkansas, Teksas en Oklahoma beflapt. Histoarysk sjoen heart ek de steat Missoery ta it Suden, al hat it Folkstellingsburo dy yndield by it Midwesten. Oklahoma wurdt histoarysk dan faak wer net ta it Suden it Suden rekkene. It "Suden" is mear in kultureel as in geografysk begryp, en it komt dan ek net oerien mei it geografyske suden fan 'e Feriene Steaten. Arizona en Nij-Meksiko, steaten dy't dúdlik yn it geografyske suden lizze, wurde nea ta it Suden rekkene, wylst Firginia en West-Firginia, dy't geografysk sjoen yn it easten fan it lân lizze, der altyd by yndield wurde.