Sully (film)
film út 2016 fan Clint Eastwood / From Wikipedia, the free encyclopedia
Sully, of Sully: Miracle on the Hudson, is in Amerikaanske biografyske film út 2016 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrol Tom Hanks. De titel is de bynamme fan 'e piloat Chesley Sullenberger, dy't yn 2009 in ferkearsfleanmasine wêrfan't beide motors ûnklear rekke wiene, feilich op 'e rivier de Hudson yn New York wist te lânjen, sadat alle 155 ynsittenden mei de skrik frijkamen. De film is basearre op Sullenberger syn autobiografy Highest Duty. De plot fan 'e film giet sawol oer de needlâning as oer it ûndersyk dat dêrnei folge. Sully waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride yn septimber 2016. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De ôfskildering fan 'e Amerikaanske National Transportation Safety Board (NTSB) yn 'e film (as skuldsykjende klub ferfolgers mei tunnelfyzje) late lykwols ta kontroverse.
Sully | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Clint Eastwood | |
produsint | Clint Eastwood Frank Marshall Tim Moore Allyn Stewart | |
senario | Todd Komarnicki | |
basearre op | Highest Duty fan Chesley Sullenberger en Jeffrey Zaslow | |
kamerarezjy | Tom Stern | |
muzyk | Christian Jacob Tierney Sutton | |
filmstudio | Village Roadshow Pictures Flashlight Films The Kennedy/Marshall Company Malpaso Productions Orange Corp. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Hanks | |
byrollen | Aaron Eckhart Laura Linney Mike O'Malley Anna Gunn | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 septimber 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | biografyske film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $60 miljoen | |
opbringst | $240,8 miljoen |