Sû (folk)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sû (Ingelsk: Sioux; útspr.: ['su:]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De term is fan tapassing op 'e hiele etnyske groep fan 'e saneamde Grutte Sû Naasje, mar likegoed op elts fan 'e etnyske subgroepen dêrfan en op 'e ûnderskate talen en dialekten dy't troch de leden dêrfan sprutsen wurde. De Sû as folk falle útinoar yn trije grutte etnyske en linguïstyske kloften, nammentlik de Lakota en de Eastlike en Westlike Dakota. Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Sû kinne fierders neffens tradisjonele etnyske en dialektyske breklinen opdield wurde yn sân grutte stammen, wêrby't benammen de Titon (Lakota) dan noch wer fierder opspjalten wurde kinne yn wichtige substammen.
Sû Sioux | |
---|---|
Ferneamde Sû. Boppeste rige (f.l.n.rj.): Jongeman-Dy't-Bang-Is-fan-Syn-Hynders, Inkele Hoarn, Zitkála-Ša, Gal; 2e rige: Patricia Locke, Sittende Bolle, Charles Eastman, Slein-troch-de-Ree; 3e rige: Reade Wolk, Kim Winona, Russell Means, Reitsje-de-Wolkens-Oan; 4e rige: Lytse Krie, Kraaiekening, Rein-yn-'t-Gesicht, Kimberly Kendall; 5e rige: Albert White Hat, Bûnte Sturt, Floyd Red Crow Westerman, Grutte Earn | |
flagge | |
populaasje | |
oantal | 170.000 (2013) |
taal | Lakota, Dakota (ek Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy, synkretisme |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Feriene Steaten Kanada |
fersprieding | |
Feriene Steaten: | 163.000 |
Kanada: | 6.700 |
De Sû libje hjoed oan 'e dei benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Minnesota, wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan tahâlde. De helte fan harren wennet yn Yndianereservaten. Hja binne ien fan 'e bekendste Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, om't se yn njoggentjinde iuw in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten behearsken, wat harren allegeduerigen yn konflikt brocht mei blanke kolonisten en it Amerikaanske leger. De rop fan guon foarfallen, lykas de Slach oan de Little Bighorn, en de reputaasje fan party Sû-lieders, lykas Sittende Bolle en Mâl Hynder, hawwe meitiid wol hast legindaryske foarmen oannommen. Sels no noch, al hoe ûnder fuotten brocht oft harren kultuer en identiteit ek wêze mei, binne se mei likernôch 170.000 minsken op 'e Flakten noch altiten fierwei it grutste Yndiaanske folk.