Taiboksen
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Taiboksen (Tai: มวยไทย , muay Tai) is in âlde fjochtsport dy't al iuwen yn Tailân beoefene wurdt. It taiboksen is yn Tailân tige populêr.
It hjoeddeiske Muay-Tai komt yndirekt út de wapene fjochtkeunst Krabi Krabong. Wannear't yn Krabi Krabong in fjochter syn wapens net mear hie, koe hy 8 oare lichemsdielen as deadlik wapen brûke, dy tûke wurdt Muay-Boran neamd. Ut it deadlike Muay-Boran wei is it hjoeddeiske, op wedstriden rjochte, Muay-Tai ûntstien.
In protte Muay-Boran techniken binne net mear tastien by wedstriden omdat dy gewoanwei te deadlik binne. In oantal techniken dy't wol tastien binne komme lykwols noch hurd oan.
Yn it ferline stie Muay-Tai ek bekend as:
- Mai See Sawk
- Muay Pahuyuth
- Chaiaboksen
- Muay Tai
- Siameesk Boksen (Siam is de âlde namme foar it hjoeddeiske Tailân)
By it taiboksen liket op it earste oansjen hast alles tastien te wêzen, mar is dochs wol oan regels bûn. De 'wapens' dy't tastien binne binne de fûsten, earmtakken, knibbels en de skonken. De fûsttechniken binne ûngefear lyk oan it boksen, it ferskil sit him yn it brûken fan de knibbels, earmtakken en skonken.