Taoiseach
From Wikipedia, the free encyclopedia
Taoiseach (útspr.: ['ti:ʃəx], likernôch: "tii-sjuch"; beharkje; meartal: taoisigh) is de formele titel fan 'e premier en regearingslieder fan 'e Republyk Ierlân. De taoiseach wurdt beneamd troch de presidint fan Ierlân op nominaasje fan 'e Dáil Éireann, it legerhûs fan 'e Oireachtas, it Ierske parlemint. Om yn syn amt te bliuwen, moat de taoiseach de stipe fan in mearderheid fan 'e leden fan 'e Dáil behâlde. As er dy stipe net hat, moat er syn amt dellizze.
It wurd taoiseach is Iersk en betsjut "haadman" of "lieder". It waard yn 1937 opnommen yn 'e Grûnwet fan Ierlân as de offisjele titel fan 'e premier. Hoewol't it in Iersktalich wurd is, moat it sawol yn it Iersk as yn it Ingelsk (de beide offisjele talen fan Ierlân) brûkt wurde. It is inkeld fan tapassing op 'e premier fan Ierlân en wurdt net (ek yn it Iersk net) brûkt foar premiers fan oare lannen. Dy wurde nammentlik yn it Iersk oantsjut as príomh aire.