Terminator 3: Rise of the Machines
From Wikipedia, the free encyclopedia
Terminator 3: Rise of the Machines is in Amerikaansk-Britsk-Dútske science fiction-aksjefilm út 2003 ûnder rezjy fan Jonathan Mostow, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Nick Stahl, Claire Danes en Kristanna Loken. De titel betsjut "Beëiniger 3: Opkomst fan 'e Masines". It is it trêde diel út 'e Terminator-filmsearje, nei The Terminator, út 1984, en Terminator 2: Judgment Day, út 1991. It ferhaal folget in folwoeksen John Connor, dy't, diskear yn 'e mande mei syn takomstige frou Kate Brewster, op 'e nij it doelwyt wurdt fan in robot dy't troch de keunstmjittige yntelliginsje Skynet út 'e takomst wei troch de tiid hinne weromstjoerd is om him te deadzjen. Fannijs wit it minsklik ferset tsjin Skynet in eigen Terminator werom te stjoeren om him en Kate te beskermjen. Terminator 3: Rise of the Machines wie de earste Terminator-film dy't net regissearre waard troch James Cameron en ek de earste dêr't aktrise Linda Hamilton yn ûntbriek. Hoewol't de film troch in diel fan 'e fans as in rare ôfdijer beskôge waard omreden fan 'e yn mineur einigjende plot, krige Terminator 3: Rise of the Machines oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen wie de film súksesfol, ek al wie it doedestiden de djoerste film aller tiden. In ferfolch kaam yn 2009 út ûnder de titel Terminator: Salvation.
Terminator 3: Rise of the Machines | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jonathan Mostow | |
produsint | Hal Lieberman Colin Wilson Mario Kassar Andrew G. Vajna Joel B. Michaels | |
senario | John Brancato Michael Ferris | |
kamerarezjy | Don Burgess | |
muzyk | Marco Beltrami | |
filmstudio | Columbia Pictures Intermedia Films C2 Pictures VCL | |
distribúsje | Warner Bros. (Noard-Amearika) Sony Pictures (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Arnold Schwarzenegger Nick Stahl Claire Danes Kristanna Loken | |
byrollen | David Andrews Mark Famiglietti Earl Boen | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Dútslân | |
premiêre | 30 juny 2003 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 109 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $187,3 miljoen | |
opbringst | $433,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Terminator | |
● foarich diel | Terminator 2: Judgment Day | |
● folgjend diel | Terminator: Salvation |