Teutoburgerwâld
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Teutoburgerwâld (Dútsk: Teutoburger Wald) is in berchtme dy't fan it leechste punt by Bevergern (10 km eastlik fan Rheine) nei it heechste punt, de berch de Barnacken (446 m) by Paderborn rint. It berchtme is sa'n 150 km lang en leit yn de dielsteaten Nedersaksen en Noardryn-Westfalen. It berchgebiet is ûnder oaren bekend om de Farusslach tusken de Romeinen en Germanen yn it jier 9 n.Kr.