The African Queen (film út 1951)
film út 1951 fan John Huston / From Wikipedia, the free encyclopedia
The African Queen is in Amerikaansk-Britske romantyske aventoerefilm yn Technicolor út 1951 ûnder rezjy fan John Huston. De haadrollen waarden spile troch Humphrey Bogart en Katharine Hepburn. De titel betsjut "De Afrikaanske Keninginne" en ferwiist nei de namme fan in boat. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan C.S. Foresteer. It ferhaal giet oer de suster fan in Britske sindeling yn Dútsk-East-Afrika, dy't yn 1914, by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, in Kanadeeske skipper oerhellet om te besykjen in Dútske kanonnearboat út te skeakeljen. Dy behearsket nammentlik in strategysk leine mar en behinderet dêrmei in Britske ynfal yn 'e Dútske koloanje. The African Queen krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars. Bogart wûn de priis foar bêste akteur. Tsjintwurdich wurdt de film as in klassiker beskôge. Yn 1994 waard The African Queen opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.
The African Queen | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | John Huston | |
produsint | Sam Spiegel John Woolf | |
senario | John Huston James Agee Peter Viertel John Collier | |
basearre op | de roman fan C.S. Forester | |
kamerarezjy | Jack Cardiff | |
muzyk | Allan Gray | |
filmstudio | Horizon Pictures Romulus Films | |
distribúsje | United Artists (Feriene Steaten) Independent Film Distr. (Fer. Ken.) | |
spilers | ||
haadrollen | Humphrey Bogart Katharine Hepburn | |
byrollen | Robert Morley Peter Bull Theodore Bikel | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 26 desimber 1951 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske aventoerefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Dútsk en Swahily) | |
spyltiid | 105 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1 miljoen | |
opbringst | $10,8 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar |