De GFR
From Wikipedia, the free encyclopedia
De GFR, yn it oarspronklike Ingelsk: The BFG, is in berneboek fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer Roald Dahl (1916-1990). De titel is in ôfkoarting foar "Grutte Freonlike Reus" (yn it Ingelsk: "Big Friendly Giant"). It boek is eins in útwreiding fan in koart ferhaal dat ûnderdiel útmakke fan Dahl syn berneboek Danny, the Champion of the World, út 1975. It ferhellet oer de lytse Sofie, in Ingelsk weesfamke, dat freonskip slút mei in reus. The BFG waard foar it earst publisearre yn 1982, by de Londenske útjouwerij Jonathan Cape, mei yllustraasjes fan sir Quentin Blake. It boek ûntjoech him ta in wiere klassiker, dêr't tsjin 2009 allinnich al yn it Feriene Keninkryk 37 miljoen eksimplaren fan ferkocht wiene. De Fryske oersetting, fan Martsje de Jong, ferskynde yn 2016.
De GFR | ||
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The BFG | |
auteur | Roald Dahl | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | berneboek, fantasy | |
1e publikaasje | 1982, Londen | |
oarspr. útjwr. | Jonathan Cape (útjouwerij) | |
kodearring | ||
ISBN | 0 22 40 20 404 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De GFR | |
publikaasje | 2016, Grins | |
útjouwer | Utjouwerij Regaad | |
oersetter | Martsje de Jong | |
ISBN oers. | 978-9 08 21 97 044 |