The Brothers Grimm
film út 2005 fan Terry Gilliam / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Brothers Grimm is in Amerikaansk-Britsk-Tsjechyske histoaryske fantasy-aventoerekomeedzje út 2005 ûnder rezjy fan Terry Gilliam, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Heath Ledger. De titel betsjut "De Bruorren Grimm". It ferhaal (dat alhiel neat út te stean hat mei de echte bruorren Grimm) folget de bruorren Wilhelm en Jacob Grimm, in pear oplichters dy't yn it Dútslân fan 'e Frânske Tiid de kost fertsjinje mei neibearde útdriuwings fan heksen en oare boasaardige mytyske wêzens. Harren parasitearjen op 'e byleauwige befolking komt abrupt in ein oan as se troch de Frânske autoriteiten nei in doarp stjoerd wurde dat te lijen hat ûnder ûnferklearbere ferdwinings fan bern. De bruorren ferwachtsje dat dêr in groep oplichters lykas harrensels oan it wurk is, mar diskear binne se yn in echt mearke telâne kommen. The Brothers Grimm krige fan 'e filmkritisy negative oant mingde resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. As de marketingútjeften meirekkene wurde, kaam de film lykwols lang net út 'e kosten.
The Brother Grimm | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Terry Gilliam | |
produsint | Charles Roven Daniel Bobker | |
útfierend produsint | Bob Weinstein Harvey Weinstein | |
senario | Ehren Kruger Terry Gilliam Tony Grisoni | |
kamerarezjy | Newton Thomas Sigel | |
muzyk | Dario Marianelli | |
filmstudio | Mosaic Media Group Daniel Bobker Productions Metro-Goldwyn-Mayer Dimension Films Atlas Entertainment Summit Entertainment | |
distribúsje | Dimension Films (Fer. Steaten) Miramax Films (Fer. Steaten) Buena Vista Internat. (Fer. Ken.) Bontonfilm (Tsjechje) | |
spilers | ||
haadrollen | Matt Damon Heath Ledger | |
byrollen | Lena Headey Peter Stormare Jonathan Pryce Tomáš Hanák Monica Bellucci | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Tsjechje | |
premiêre | 26 augustus 2005 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske fantasy- aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $88 miljoen | |
opbringst | $105,3 miljoen |