Thera Coppens
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thera Coppens (Amsterdam, 19 maaie 1947) is in skriuwster út Baarn.
Coppens folge yn Amsterdam in sjoernalistike (praktyk-)oplieding by de Geïllustreerde Pers en spesjalisearre har yn artikels oer skiednis en keunst. Debutearre mei gedichten in De Gids en koarte TV-spullen foar de AVRO. Wennet sûnt 1983 in Baarn mei har man Wim Hazeu, se ha tegearre fjouwer bern. Yn Baarn sit sûnt 1988 ek har "Historisch Toerisme Bureau".
Proaza en poëzij ferskynden yn ûnder mear Museumtiidskrift Vitrine, NRC Handelsblad, De Gids, Wending, Parmentier, katalogussen fan PAN Amsterdam en de Nije Tsjerke Amsterdam en yn blêden as Nouveau, bylage Algemeen Dagblad. Coppens hâldt ek in soad lêzings.
Skreau in soad berneboeken en bernepoëzij. Hja skreau 9 bernemusicals en mear as 150 berneferskes (ferskynden op grammofoanplaten en cd’s). Stalde ûnder mear twa kear it Berneboekewikegeskink gear (yn 1981 'Je Eigen Tijd' oer bern en skiednis en yn 1982 'Retourtje Ver weg' oer reizgjen).