Théodore Botrel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Théodore Botrel (folút: Jean-Baptise-Théodore-Marie Botrel; Dinan, 14 septimber 1868 – Pont-Aven, 28 july 1925) wie in Frânsk sjonger, lietsjeskriuwer, dichter, toanielskriuwer en akteur fan Bretonsk etnysk komôf. Hy waard ferneamd mei syn Frânsktalige folksferskes oer syn heitelân Bretanje. It bekendste dêrfan is La Paimpolaise. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard Botrel yn Frankryk oansteld as de offisjele 'bard fan 'e legers'. Hy ferstoar relatyf jong yn 1925.
Fluch de feiten
Théodore Botrel | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jean-Baptise-Théodore- Marie Botrel | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 14 septimber 1868 | |
berteplak | Dinan (Bretanje) | |
stoarn | 28 july 1925 | |
stjerplak | Pont-Aven (Bretanje | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | folksmuzyk | |
sjongtaal | Frânsk | |
ynstrumint | stim | |
grutste hit(s) | La Paimpolaise | |
jierren aktyf | 1895 – 1925 |
Slute