Tony Joe White
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tony Joe White (Oak Grove, Louisiana, 23 july 1943 - Franklin (Tennessee), 24 oktober 2018) wie in Amerikaanske sjonger, lietsjesskriuwer en gitarist dy't it meast ferneamd waard fan syn hits út 1969 Polk Salad Annie en Rainy Night in Georgia. Hy wie de skriuwer fan "Steamy Windows", in hit foar Tina Turner yn 1989. "Polk Salad Annie" waard ek opnaam troch Elvis Presley en Tom Jones. White waard wurdearre fanwege syn typyske lege stimlûd. Hy wie in fertsjintwurdiger fan de saneamde Swamp Music ('Sompemuzyk'). White hie in eigen muzyklabel: Swamp Records.
Fluch de feiten
Tony Joe White | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Tony Joe White op it Jazzaldia Festival yn San Sebastián, 2005 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 23 july 1943 | |
berteplak | Oak Grove | |
stoarn | 24 oktober 2018 (75 jier) | |
stjerplak | Franklin (Tennessee) | |
wurkpaad | ||
sjenre | Swamp Music | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar, harmonika | |
grutste hit(s) | Polk Salad Annie, Rainy Night in Georgia en yn Nederlân Groupy girl. | |
jierren aktyf | 1967–2018 | |
offisjele webside | ||
www.tonyjoewhite.com |
Slute