Toronto Star
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Toronto Star is in Kanadeeske krante, fêstige yn Toronto, dy't sân dagen yn 'e wike útkomt en de heechste oplaach hat fan alle deiblêden yn Kanada. Hoewol't de Star, sa't de namme faak ôfkoarte wurdt, op troch-de-wykse dagen en op sneons de Globe and Mail foargean litte moat, hellet er dy konkurrint yn om't er in sneinsútjefte hat, wylst de Globe and Mail op dy dei net útkomt. De Toronto Star waard yn 1892 oprjochte ûnder de namme fan 'e Evening Star en ferskynde letter in skoft as de Toronto Daily Star. Tsjintwurdich wurdt de krante útjûn troch de Star Media Group, in dochterûndernimming fan 'e Torstar Corporation. Binne de Star Media Group is de Toronto Star ûnderbrocht yn Toronto Star Newspapers Ltd.
Fluch de feiten
Toronto Star | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Evening Star Toronto Daily Star | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | krante | |
frekwinsje | 1x deis | |
bestean | 1892 – no | |
oprjochter | Horatio Clarence Hocken | |
plak haadred. | Toronto (Ontario) | |
útjouwer | Star Media Group (Torstar Corporation) | |
oplaach | 302.899 (troch-de-wyks, 2016) 546.819 (sneons, 2010) 337.846 (sneins, 2010) | |
ISSN | 0319-0781 | |
offisjele webside | ||
www.thestar.com |
Slute