Touchstone Pictures
From Wikipedia, the free encyclopedia
Touchstone Pictures is in Amerikaansk filmdistribúsjebedriuw dat eigendom is fan The Walt Disney Company. It is binnen it Disney-concern ûnderbrocht by Walt Disney Studios Motion Pictures, in ûnderdiel fan The Walt Disney Studios, dy't wer hearre ta de difyzje Walt Disney Studio Entertainment. It bedriuw waard yn 1984 oprjochte troch de doetiidske algemien direkteur fan The Walt Disney Company, Ron W. Miller, ûnder de namme Touchstone Films. Touchstone fersoarget de distribúsje fan films produsearre troch Walt Disney Pictures dy't mear op folwoeksenen rjochte binne as op bern. Fan 1984 oant 2011 wie Touchstone ek aktyf as in filmstudio en produsearre it eigen films.
Fluch de feiten
Touchstone Pictures | ||
algemien | ||
hist. namme | Touchstone Films | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | distribúsje fan films filmstudio (1984-2011) | |
haadkertier | Burbank (Kalifornje) | |
oprjochte | 1984 | |
oprjochter | Ron W. Miller | |
eigner | The Walt Disney Company | |
mem | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
offisjele webside | ||
www.touchstonepictures.com |
Slute