Treasure Island (roman)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Treasure Island is in histoaryske jonges- en aventoereroman fan 'e hân fan 'e Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson. De titel betsjut: "Skateilân", en it boek is yn Nederlân nei alle gedachten bekender ûnder de fernederlânske namme Schateiland. Stevenson joech it wurk oarspronklik de titel The Sea Cook: A Story for Boys ("De Seekok: In Ferhaal foar Jonges"). De plot, dy't mids achttjinde iuw spilet, folget de aventoeren fan 'e jonge Jim Hawkins, dy't as hutbetsjinde fan jonker Trelawney meireizget op 'e Hispaniola. Dat is in sylskip dat troch de jonker ôfhierd is om op 'e siik te gean nei de legindaryske skat dy't ferburgen is troch de beruchte seerôver Flint. Op 'e reis foarmet Jim in nauwe bân mei de skipskok, de ienskonkige Long John Silver. Troch in ôfharke petear komt er oan 'e weet dat it grutste part fan 'e bemanning fan 'e Hispaniola eins út seerôvers bestiet dy't ûnder Flint fearn hawwe, en dat Silver harren lieder is. Hja binne fan doel om, nei't de skat fûn is, yn opstân te kommen, de oare opfarrenden te fermoardzjen en mei de skat út te piken.
Treasure Island | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Sea Cook: A Story for Boys | |
auteur | Robert Louis Stevenson | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | aventoerefiksje, histoaryske fiksje, jeugdliteratuer | |
1e publikaasje | 1883, Londen | |
oarspr. útjwr. | Cassell & Co. |
Treasure Island ferskynde yn 1881 en 1882 yn in iere ferzje as fúljeton yn it tydskrift Young Folks, en waard yn 1883 yn syn úteinlike foarm as roman útjûn troch útjouwerij Cassell & Co. yn Londen. It boek wie it earste literêre súkses fan Stevenson, en it is oant de dei fan hjoed populêr bleaun. Der binne withoefolle adaptaasjes ta oare media fan makke, lykas toanielstikken, films, tillefyzjesearjes en tekenfilmsearjes. Treasure Island hat ek in ûnútwiskbere ynfloed hân op 'e ôfskildering fan seerôvers yn 'e popkultuer, mei eleminten lykas ûnbewenne eilannen yn 'e tropen, skatkaarten mei in X op it plak fan 'e bedobbe skat, en ienskonkige seelju mei in pappegaai op it skouder.