Ureum
gemyske ferbining / From Wikipedia, the free encyclopedia
Ureum (fan it Latynske urea) is in stikstofhâldende organyske ferbining mei de molekúlformule (NH2)2CO. Ureum is in ôffalprodukt by de aaiwytstofwikseling yn de lever. It is it grutste stikstofhâldend produkt yn de urine fan bisten en minsken. It hat gjin kleur, gjin geur en lost gau op yn wetter. De pH is neutraal. It wurdt yn de lânbou as dongstof brûkt en benammen yn keunstdong. It wurdt ek as in rûge stof yn de gemyske yndustry brûkt. By it hjitsjen wurdt it ôfbrutsen yn ammoniak en biuret.
It waard yn 1727 foar it earst troch Herman Boerhaave beskreaun, dy't it sal nativus urinae neamde.