Ursula Andress
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ursula Andress (Ostermundigen (kanton Bern), 19 maart 1936) is in Switsersk aktrise. Hja is benammen bekend as Bond girl Honey Ryder yn Dr. No, de earste James Bond-film. Om har swiere aksint is har stim yn de film net brûkt, de teksten waarden letter ynsprutsen troch Nikki van der Zyl. Foar de rol as Bond girl barde Ursula Andress in fergoeding fan 10.000 dollar.
De skriuwer fan de James Bond-boeken Ian Fleming wie sa wei fan de ferskining Ursula Andress, dat hja in rol krige yn it boek On Her Majesty's Secret Service. Letter kaam se werom as Bond girl yn de offisjeuze Bond-film Casino Royale (1967).
Ursula Andress wie in bekend sekssymboal yn de jierren '60. It stuit dat hja sjongendewei yn allinnich in bikiny út de Karaïbyskee See stapt yn Dr. No heart ta de meast bekende fragminten út de James Bond-films. Dizze sêne wurdt parodiearre yn it twadde part fan de Austin Powers-trilogy.