Wetterfal
From Wikipedia, the free encyclopedia
In wetterfal is in stik fan in rivier of beek dêr't wetter fertikaal nei ûnderen falt as gefolch fan hichteferskil yn it bêd fan de rivier of beek.
Wetterfallen komme ek foar op plakken dêr't raanwetter oer de râne fan in iisberch as iisplato falt.
Meastepart fan de rivieren wurde flak foar in kaskade breder en ûndjipper en ûnderoan ûntstiet faak in djippe dobbe troch de kinetyske enerzjy fan it fallende wetter.
Foar it skipfeartferkeer binne wetterfallen hinderpeallen. Dêrom waarden in protte kanalen groeven wurde om de wetterfal foarby te kommen. It Welland Kanaal bygelyks is yn 1829 oanlein wurden om it foar skippen mooglik te meitsjen de Niagarawetterfallen foarby komme te kinnen en sadwaande de Amerikaanske marren te berikken.