Willem IV fan Oranje-Nassau
From Wikipedia, the free encyclopedia
Willem IV Karel Hindrik Friso (1 septimber 1711, Ljouwert – 22 oktober 1751, De Haach yn Paleis Huis ten Bosch), wie prins fan Oranje en greve fan Nassau-Dietz. Hy wie de earste erfsteedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Hy wie yn syn dwaan en litten in foarnaam, freedsum en minlik minsk, mar hie in soad te krijen mei syn swakke sûnens en in fergroeiing fan de rêch.