Utfeart
From Wikipedia, the free encyclopedia
In útfeart of lykbesoarging is in seremoanje wêrby't men in koartlyn ferstoarne persoan de lêste eare bewiisd en dy syn/har libben betinkt. De útfeartgewoanten ferskille sterk fan kultuer ta kultuer, mar omfiemje altyd in yngewikkeld systeem fan ideeën en praktiken, wêrby't tinktekens, gebedens, rituëlen en rou yn 'e regel in wichtige rol spylje. Faak binne of omfetsje útfearten uterings fan religy. Yn it kristendom giet de útfeart mank mei in tsjerketsjinst, de saneamde útfearttsjinst.
De útfeart wurdt ornaris beëinige mei in foarm fan ferneatiging (kremaasje of loftbegraffenis) of preservaasje (beïerdiging of mummifikaasje) fan it stoflik omskot fan 'e deade. It eigenskipswurd fan 'útfeart' is funerêr, fan it Latynske funus ("útfeart" of "lyk"). Funerêre keunst is dus keunst dy't ferfeardige wurdt yn konneksje mei útfearten, yn it bysûnder foarwerpen dy't mei de deade begroeven wurde. De term begraffenis wurdt yn 'e regel as synonym mei útfeart brûkt, mar ferwiist eins nei in kombinaasje fan útfeart en beïerdiging.