Agadir
From Wikipedia, the free encyclopedia
Agadir (Arabysk: أكادير Aġadīr of Agadīr, Berbersk (Tamazight): ⴰⴳⴰⴷⵉⵔ) is in havenstêd oan de westkust fan Marokko, en is it grutste baaiplak fan dit lân. De stêd leit yn de prefektuer Agadir-Ida ou Tanane, dat in ûnderdiel is fan de regio Souss-Massa-Daraâ. Agadir hie 678.596 ynwenners (2004). It is de grutste meast Berbertalige stêd fan Marokko.
Agadir أكادير | ||
Sicht op Agadir fanôf de kasba | ||
Polityk | ||
Lân | Marokko | |
Prefektuer | Agadir-Ida ou Tanane | |
Regio | Souss-Massa-Daraâ | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ↓678.596 (2004) | |
Hichte | 23 m | |
Offisjele webside | ||
Portaal Agadir |
De stêd leit tsien kilometer benoarden de mûning fan Wadi Sous. Hy is yn 1505 troch de Portegezen stifte en kaam yn 1541 oan de kening fan de Sous. Yn de iuwen dêrnei waard Agadir in grutte haven yn it fruchtbere Sous-gebiet yn Marokko. In wichtich eksportprodukt fan de regio wie sûker. Agadir waard yn 1605 foar it earst troch Nederlânske hannelsfarders oandien; it fjouwerhûndertjierrich bestean fan de hannelsrelaasje tusken Nederlân en Marokko yn it jier 2005 foarme de oanlieding ta in tal eksposysjes yn Nederlân.
Yn 1960 waard de âlde stêd hast hielendal ferwoaste troch twa ierdskoddings en de neifolgjende brânen en floedweagen. Der foelen 15.000 deaden.
It wurd Agadir betsjut yn it Berbersk 'muorre, mitsele muorre om in stêd, festing, stêd';[1] In agadir is winliken in bysûndere foarm fan de kasba. Agadir is in lienwurd út it Fenisysk.[2]