Andries Boelens
From Wikipedia, the free encyclopedia
Andries Boelens (Amsterdam, 1455 - dêre, 1525) wie in skepen en boargemaster fan Amsterdam. Yn it tiidrek 1496 - 1517 wie er fyftjin kear boargemaster.
Andries Boelens kaam út in yn de 15e en 16e iuw foaroansteande Amsterdamske famylje. Hy is de pakesizzer fan Durk Boelens dy't foar him trije kear boargemaster wie. Mei 15 boargemasterskippen stiet Boelens op it twadde plak fan langstsittende boargemasters fan Amsterdam.
Oer syn rol yn de polityk fan de stêd Amsterdam is bûten de 17e iuwse stúdzje fan J. van Wieringen Ghijsberts net folle bekend. Ut de stúdzje soe blike dat Andries Boelens it rjocht fan it fieren fan de keizerskroan yn it wapen fan Amsterdam mooglik krigen hawwe soe troch in liening oan Keizer Maksimiliaan I te jaan; Hij leende aan Keyser Maximiliaan, een goede somme gelts, waerdoor hij des Keysers gunst, en voor de Stad van Amsterdam, de keyserlijcke kroon op haer waepenen verkreegh'.[1]