Baaiklean
From Wikipedia, the free encyclopedia
Baaiklean, badklean of swimklean binne klean dy't bedoeld binne om te dragen by it swimmen, bgl. yn in swimbad, de see of in oar oerflaktewetter. Se wurde faak ek droegen by oare wettersportaktiviteiten, lykas dûken, snorkeljen, surfen, wakeboarding of it beriden fan jetskys, en teffens by besiken oan it strân en om te sinnebaaien. Fierders draacht men soms ek baaiklean om jins lichem te toanen, lykas yn in skientmewedstryd of by in bodybuildingkompetysje. Modellen klaaie har ek wol yn baaiklean foar fotoreportaazjes yn reklamekrantsjes en glamourtydskriften.