Brûnstiid
From Wikipedia, the free encyclopedia
De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f.Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.
Trijeperioadesysteem | |||||||
Holo- seen |
Histoaryske Tiid | ||||||
La Tène-tiidrek | Proto- histoarje | ||||||
Hallstatt-tiidrek | |||||||
Izertiid | |||||||
Let | |||||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Brûnstiid | |||||||
Neolitikum | Kopertiid | ||||||
Let | Pre- histoarje | ||||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Mesoli- tikum of Epipaleo- litikum |
Let | ||||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Pleis- toseen |
Paleo- litikum | Let | |||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Stientiid |
Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.
Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintske heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust. De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f.Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.
Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.