Fragmint 16 (gedicht fan Sapfo)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fragmint 16 is ien fan 'e langste en meast folslein oerlevere dichterlike tekstfragminten fan 'e lyrysk dichteresse Sapfo fan Lesbos (±620-±570 f.Kr.), dy't as ien fan 'e grutste dichters fan 'e Grykske Aldheid beskôge wurdt. It grutste part fan har oeuvre hat de tiid en fral willensmoedse ferneatiging net trochstien, en ûnder de mear as twahûndert oerlevere fragminten binne mar trije min ofte mear folsleine gedichten. Fragmint 16, ek wol bekend as It Moaiste op 'e Swarte Ierde, is dêr ien fan. It wie, krekt as al Sapfo har wurk, oarspronklik skreaun yn it (frij obskuere) Eoalyske dialekt fan it Aldgryksk, dat û.m. op Sapfo har thúseilân Lesbos, yn 'e Egeyske See, sprutsen waard (wylst it meastepart fan 'e Aldgryskske literatuer yn it Attysk, it dialekt fan Atene skreaun is). De lêste iuw hawwe withoefolle hjoeddeiske dichters besocht om Fragmint 16 te rekonstruëarjen troch de lege plakken op te foljen. In Fryske (rekonstruëarre) oersetting ferskynde yn 1991 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma.
Fragmint 16 | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ? | |
auteur | Sapfo fan Lesbos | |
taal | Aldgryksk (Eoalysk) | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
skreaun | ±600-±570 f.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Moaiste op 'e Swarte Ierde | |
publikaasje | 1991, yn iP2r90 | |
oersetter | Klaas Bruinsma |